Gedicht van Wietske
Gedicht van Wietske
Tusken rein en sinne
Tusken rein en sinne
Rakket de himel de ierde
Alle kleuren kinsto sjen
In prachtige reinbôge
Bewûnderje
Stil
Op adem komme
Tusken rein en sinne
Yn alle stoarm en lijen
Is hjir rêst en útsicht
Foar alle minsken, planten en bisten
Is der plak op ierde
Utsjen nei in goede takomst
Meielkoar ferbining sykje
Tuske rein en sinne
binne minsken
Oan 'e slach
Sizze en dwaan
Wat nedich is
Hiel meitsje
Soarchje foar alle libben
Tusken rein en sinne
Gods belofte
De reinbôge fol kleur
Ferbining fan himel en ierde
Hoop, fertrouwen hâlde
Leauwe
It komt goed
Wietske
|