Stifting Krúspunt
Stifting Krúspunt
Oprop foar nominaasjes
De Stifting Krúspunt sil op ’e Krúspuntdei op sneon 5 april yn Akkrum wer de Bernard Smilde-priis útrikke. De priis is ornearre foar persoanen of organisaasjes dy’t it brûken fan it Frysk (of ien fan ’e streektalen yn Fryslân) op orizjinele en grinsferlizzende wize stimulearre hat yn ’e ôfrûne twa jier (2023 en 2024).
De priis bestiet út in oarkonde en in bedrach fan € 250.
Nominaasjes foar priiswinners (persoanen of organisaasjes) kinne stjoerd wurde oan de foarsitter fan ’e Stifting Krúspunt: liuwe.westra@mensa.nl. Mei de nominaasje graach ek in motivaasje meistjoere. Ynstjoeren fan nominaasjes kin oant en mei snein 2 febrewaris oansteande.
De nominaasjes wurde troch it bestjoer fan ’e Stifting Krúspunt trochstjoerd oan in ûnôfhinklike sjuery, dy’t in kar makket út ’e nominaasjes en in priiswinner oanwiist. De sjuery kriget net te sjen, wa’t de nominaasjes ynstjoerd hat. De sjuery hat it rjocht om sels ek kandidaten te nominearjen. Bestjoersleden fan ’e Stifting Krúspunt en sjueryleden kinne net nominearre wurde.
De priis wurdt útrikt op ’e middei fan ’e Krúspuntdei op 5 april 2025 yn ’e Terptsjerke te Akkrum.
Yn 2023 is de priis útrikt oan it Kwartettekoar. De Stifting Krúspunt hopet ek dit jier wer op in protte nominaasjes!
Foar mear ynformaasje:
Liuwe Westra (foarsitter Stifting Krúspunt)
liuwe.westra@mensa.nl
06-30837586
www.kruspunt.frl
|